op in earste mylde
febrewarissneon kinst
it samar hearre
it lûd fan in mieske
ropt de natuer wekker
en ferhûget har op
wat komme sil
it fluitsjen it brûzjen
it joeien en djoeien
op grien en giel en blau
dan is’t blykber tiid
en wurdt ek de minsk
wekker en is net mear
te hâlden en te kearen
en jaget mei tsjokke knalpotten
ûnder brommers en motoren
jankende kettingseagen
bledblazers en hegedrukspuiten
de winter yn ien kear
stikken en oan barrels
it wie even sykjen
nei de restanten
fan de winterstilte
mar dêr leit it
ôfdien en ferlitten
minskesiel allinne
fersûpt yn in liniaalrjochte
en skjinhekkele sleat
Reacties