Oade oan d'Ea

wylst op Zandvoort it folk
yn wolken fynstof
nei de siken gappet
smyt in skjinreinde loft
sicht op suvere striid
tusken wetter, wyn en skippen
de Lemster baai toaniel foar spektakel
publyk mei ‘t pikefel op ‘e earms, de hannen omheech
genietet men fan Eastermarder skûtsjelok
de striid om fan sechstjin, ‘t lêste plak ôf en jawis it slagget
en syl as nûmer seis, in wûnder, oer de streek



Reacties