Max

buorhûn Max
doe't er kaam
in bytsje macho
mei in lyts, Gryks hertsje
doe't er hinnegie
tankber
mei in grut, Eastermarder hert
buorhûn Max
wachtmaster fan 'e Beima
hat foargoed
de kop
dellein



Reacties