Wisse's wrâld (75 jier frijheid)

Dit koarte ferhaal is skreaun yn it ramt fan 75 jier frijheid. It wie eins bedoeld foar in skriuwwedstriid fan Tresoar mar it wie pas in pear wike letter klear dan de ynleverdatum.

Wisse's wrâld

Blyn fan lilkens smyt Wisse syn fyts - de fyts dêr’t er fan ‘e moarn noch sa grutsk op wie - op it túnterras en draaft it hûs yn, de trep op, yn ien streek troch nei syn keammerke en dûkt op syn bêd. Alhiel oerstjoer, de wangen wiet fan triennen.
Syn mem, dy’t him sa oerémis der ynkommen heart, draaft achter him oan de trep op. “Hee Thunderbird, wat skeelt der oan?” Wisse kin hast net út syn wurden komme. Snokkerjend, stammerjend komt wurdsje foar wurdsje syn grutte frustraasje der út. “It plein wie leech, hartstikke leech! Der wie net ien! Der wie hielendal gjin optocht!”
Wat der it earste troch Neke hinne giet, is net te sizzen. Is it de pynlike stek yn har mage of is it de ôfgryselike gedachte dy’t har holle fjoerread kleuret; ik haw in baas fout makke.
Nei útfreegjen begrypt Neke dat Wisse, dy sa útsjoen hie nei dizze dei, dy’t mei help fan mem syn fyts sa prachtich fersierd hie mei read, wyt en blau krêppapier, nei it Sikmaplein fytst is. Dêr soe de optocht úteinsette. Dat hie mem ommers sein. Hjir soene alle bern harren fersierde fyts sjen litte en der soene prizen wêze, der soe muzyk wêze en de boargemaster soe…
Wisse syn wrâld bestiet út stoere manlju dy’t mei futuristyske fleantugen en masines de wrâld rêde. Scott Tracy, ien fan de Thunderbirds, is syn grutte foarbyld. Mar Wisse’s wrâld is folslein ynstoart. En der is gjin Thunderbird’s International Rescue om him te helpen.
Noch nea hie ‘er earder sa’n teloarstelling meimakke. Noch nea hie Wisse belibbe dat syn moaie wrâld sa wreed wêze koe.
(It ferhaal giet fierder ûnder de yllustraasje.)



Neke wol it fuortendaliks útsykje. Hoe kin dit fersin no bart wêze? Har earste aksje is yn’t klompehok de doaze mei âld papier foar ‘t ljocht helje. Dêr moast it skriuwen oer de optocht yn bedarre wêze. Ja hear, dêr is’t. Har eagen fleane oer de tekst: oprop, 5 maaie, foar alle bern oant tolve jier, fersier dyn fyts, prizen, optocht, muzyk, 10.00 oere start by it stedhûs. Ah, ferdikkeme. Dus net op it Sikmaplein; de lokaasje dy’t yn har holle siet omdat dêr altyd de manifestaasjes en eveneminten plakfine. Dêr is ‘t mis gien. It is yndie har grutte, stomme skuld.
Neke, dy’t as mem alle grutte libbensfragen fan Wisse beäntwurdzje wol, is der mei oantangele. Hoe kin sy dit oplosse? Hoe kin sy Wisse syn lilke wrâld wer in bytsje better meitsje? Neke hat advys nedich en bellet dêrom har heit-en-dy. It slagget Neke en lis yn in pear wurden de krisis út. “Bring him mar hjir, wy rêde der mei”, seit har mem.

“Sjoch mar even by pake.” Wisse sjocht syn beppe ferheard oan. Kin dat samar? Mei hy samar pake syn wurkkeamer binnen? “Toe mar, it is hjoed in spesjale dei”, seit beppe.
Hoeden giet Wisse de trep op en iepenet de doar fan pake’s atelier. Pake, dy’t op in stoel foar in skildersezel sit, leit syn pinsiel del en draait him om. “Kom der mar yn, Wisse, pak dat krukje dêr út dy hoeke en kom mar neist my sitten”. Wisse, noch altyd fan slach troch syn fytsawentoeren, pakt in bytsje ferlegen it krukje op. “Set ’m hjir mar del”, seit pake en wiist op it lege plak njonken him.
“Sa”, seit pake, “dat wie in ferhipt moaie optocht, fûnst ek net?” Wisse syn eagen wurde sa grut as itersboarden. “Der wie hielendal gjin optocht”, stammeret Wisse. “Jawol, dy wie der wol en do hast de earste priis.” En foardat Wisse sizze kin dat it net wier is, set pake útein mei in wiidweidige beskriuwing fan it barren. Dat it sa drok west hat, dat der sa’n protte bern wiene mei de meast prachtige fytsen. Dat der in sjuery wie, dy’t by alle fytsen delkaam om te sjen wa’t der wat moais fan makke hie. Dat Wisse syn Batavus fuortendaliks opfoel, net allinne fanwege it sa tapaslike read, wyt en blau mar ek fanwege de krêppapieren blommen dy’t Wisse mei help fan syn mem makke hie. Dat der in iepen wein wie mei in grut orkest, dat oeral flaggen wiene en opteine minsken. Dat alle bern achter de muzykwein in hiele omloop troch de stêd fytse mochten mei Wisse foarop. Dat de boargemaster yn in taspraak Wisse neamd hat. Pake beskriuwt alles oant yn de details ta. Wisse, dy’t folslein yn ‘e bân rekket fan pake’s ferhaal freget: “Hoe wit pake dat allegearre. Wie pake der dan wól by?” “Nee, pake hie der ek net by west. Pake brûkt syn fantasy troch in ferhaal op te tinken. Do kinst yn dyn holle folle moaiere dingen barre litte dan yn de werklikheid, snapst? En asto dat dochst, dan kinst tsjoene. Dan kinst alles wêr'tsto fertriet fan hast omsette yn ferhipt moaie aventoeren.”

Wisse hat in grutte tear yn syn foarholle. “Hoe hat pake dat leard, dat tsjoene”, freget er. “Dat is wol grappich datsto dêr hjoed, op Befrijingsdei, no krekt nei fregest. Dat haw ik yn ‘e oarloch leard, doe’t ik krekt sa’n boike wie as dy.” “De oarloch?” freget Wisse.
“Ja jong. Yn ‘e twadde wrâldoarloch, jierren lyn, wiene de Dútsers hjirre de baas. En dy Dútsers wiene hiel strang en gemien. Yn earsten mocht ik noch wol nei skoalle mar letter koe dat net mear en moast ik thús bliuwe. En by ús thús sieten ûnderdûkers. Dat wiene minsken dy’t harren ferburgen hâlden foar de fijân. Want wannear de Dútsers harren fine soene, dan moasten sy op transport nei Dútslân om dêr yn de fabriken te wurkjen. Of noch slimmer, nei kampen. Konsintraasjekampen waarden dy neamd.
Dy ûnderdûkers, trije wiene it der, dy wennen by ús achter hûs yn ‘e skuorre. Oerdeis koene sy net nei bûten fansels, want gjinien mocht harren sjen. Allinne nachts koene sy wolris in frisse noas helje. Ien fan dy ûnderdûkers hjitte Bart. Hy wie in jier as tweintich. Bart wie net syn wiere namme, dy mocht nimmen witte, it wie syn skûlnamme. Hy kaam earne út de Rânestêd wei en hie yn it ferset sitten. Dat betsjut dat hy dingen dien hat om de Dútsers dwers te sitten.
Ik koe it omraak goed fine mei Bart en gauris gie ik stikem nei de skuorre om mei Bart te praten. Bart siet altyd fol mei ferhalen. Oer dingen dy’t er belibbe hie. Yn earsten hie’k it net yn ‘e gaten. Mar op in bepaald stuit hie’k troch dat der neat fan wier wie. Dy Bart betocht alles byinoar. It wie in fantast!
En doe’t ik him dêr mei konfrontearre sei er: do hast gelyk. It is net wier. Der is neat fan wier. Ik fantasearje yndie mar wat. En wist wêrom? Om troch de tiid te kommen. Want de hiele dei yn dizze tsjustere skoarre te sitten, nearne hinne en neat belibje kinne, dat falt net ta. Ik ferfeel my. En noch wichtiger; ik bin net frij. Ik kin net gean dêr’t ik wol. Ik kin net samar tsjin eltsenien sizze wat ik wol. En dan betink ik yn myn holle ferhaaltsjes oer wat Bart allegearre belibbe hat. Oer hoe’t it wêze kin wannear der gjin oarloch is. Wannear Bart frij west wie.
En sa, Wisse, haw ik fan Bart, dy’t gjin Bart hjitte, leard hoe’st tsjoene kinst yn dyn eigen holle. Net om op te snijen nei in oar. Beslist net. Mar foar dysels. Wannear de wiere wrâld even wat minder moai is. Bart koe dat omraak en dêrmei koe’r himsels rêde. Koe er foarkomme dat er siik yn ‘e holle wurde soe.”
Pake wiist yntusken nei syn foarholle.

Op de ien of oare wize is Bart yn Wisse’s holle al in wiere held wurden. “En wêr is Bart bedarre, binne jimme noch freonen?”
“Bart? Tsja, dat wit ik earlik sein net. Op in dei wie der in razzia. Doe kamen de Dútsers mei grutte frachtweinen en in protte leven it hiem opstowen. Sy sochten de ûnderdûkers fansels. Sy woene harren oppakke. Mar troch stom tafal hie ús mem de jûns dêrfoar fan goeie kunde, in plysjeman, dêr oer heard en hat Bart-en-dy warskôge. De jonges binne doe dyselde nacht noch flechte. En omdat wy net de wiere namme fan Bart wisten, hawwe wy nea witten hoe’t it mei him en de oaren ôfrûn is.”
De tear yn Wisse syn foarholle is noch altyd like grut. Mar it liket der op dat troch pake syn ferhalen er de slimme ûnderfining fan dizze moarn te boppe komt.
“Bart is eins in Thunderbird!”
“No krekt”, seit pake.

It bliuwt in skoftsje stil.
“Is dat in skûtsje, pake?” Wisse wiist nei it skilderij op de skildersezel dêr’t syn pake mei dwaande is.
“Nee jonge”, seit pake, “dat is ferve”.
Wisse sjocht pake ferbjustere oan. De tear yn syn foarholle is no in dûbele tear wurden. Pake sjocht werom mei in pear glinstereagen. Hy sjocht hoe’t Wisse syn harsens kreakje, fan links nei rjochts wikselje, op ‘e kop draaie en wer op harren plak weromfalle. Dan springt it pitsje oan. Wisse begjint as earste en dan lizze sy beide dûbeld fan it laitsjen
En wat is dit? Pake jout Wisse in giele tube yn hannen.
“Dat is fansels ek ferve”.
“Nee”, seit pake, “dat is frijheid”.

Wannear in pear oeren letter Neke de keamer ynkomt, sjocht sy Wisse oan de iterstafel sitten. Foar him leit in tekenblok; op tafel is’t in gaos oan kleurstiften. It byld ferrommet fuortendaliks har moed. Sy wol stommegraach freegje hoe’t it gien is mar sjocht as earste nei wat Wisse makke hat.
“Hee Thunderbird, wat moai! Is dat in fyts? En wa is dat?”
Wisse sjocht nei pake. Pake sjocht nei Wisse. Pake knypeaget. Wisse gniist.
“Dat bin ik, sjocht mem wol?” Wisse wiist nei in blier mantsje op it papier.
“Sjoch, ik haw de earste priis!”

Neke sjocht fernuvere har mem oan. Mem laket.
Neke gebaert nei har heit: ”Hoe kin dit?.
“Wy hawwe neat dien, Neke”, seit har heit mei in glimke om ‘e mûle.
“Dyn lytse held hat útfûn dat kleurstiften in wêzen tsjoenstokjes binne.”


Reacties