Ynspirearre troch de slach om ‘e Burgumer Mar
tusken hurdfarders en rêstsikers
en in skrokken snoek
Doe’t ik noch in jongkje wie
krige ik fan Sinteklaas
twa pakken rotsjes en knalle noch dyselde jûn
it hiele doarp wekker.
Ik hie gjin idee
Op myn sechtiende montearre ik in ‘sportútlaat’
ûnder myn Yamaha brommer
en mei in helsk kabaal en jankerich lûd
jage ik troch de buorren
Ik hie gjin idee
Yn myn studentetiid yn Amsterdam
kloppe in lulke buorfrou op myn foardoar
Mar ik hie de muzyk sa lûd
dat ik koe mysels al kwalik hearre
Ik hie doe gjin idee
Wat âlder en mei mysels minder dwaande,
op in planeet dy’t stikken giet
by gebrek oan respekt
op alle fronten, tink ik hjoed-de-dei
dat miskien is't in idee
en jou de Mar in bestimming
foar deagewoane stilte
yn plak fan in ‘dea’ Burgumer Mar
fuortjaan oan sensaasjesikers,
benzinedampen en in protte herje
Dat stilte respekt kriget, dat is 't idee
Miskien omdat natuer sûnder eigen stim
alinne fia de tosken fan in snoek fan har ôfbite kin
moat in ‘dea’ mar opoffere wurde
yn ruil foar funrekreaasje mei in protte leven.
Wannear ik harkje nei gemeente en provinsje
krij ik ommes wol dat idee
En miskien is stilte wol te konfrontearjend
foar minsken dy't it gas graach iepen draaie
en der fierders net mei sitte
dat in oar harren herje net wurdearje kin
Krekt as ik doedestiids mei myn jankbrommerke
hawwe sy nei alle gedachten gjin idee
Nei in pear oeren op of om de Mar sûnder hurdfarderij
nei in skoftsje harkje nei fûgels, nei stilte
hear ik myn eigen hert wer klopjen
kom ik thús mei de kop fol ynspiraasje
De Mar as unyk plak fan it stille neat
Neffens my is dat in goed idee

Reacties