Yn ien fan myn observaasjes waard ik troffen troch in iensume goes dy’t libbet tusken de doarpseinen yn Eastermar.
Dit is syn ferhaal.
Iensume Sjimme
Ut en troch hear ik se wol. Fier boppe my, lûd gakjend oer hokker te nimmen wei.
Myn heit en mem, myn susters en myn broer. Mar ik, ik flean net mei.
Berne waard ik midden yn in prachtich stikje natoer.
Grutter en grauwer waard ik, tegearre mei myn susters en myn broer
Myn heit learde my it swimmen, myn mem it fleanen
Prima ûnderwiis dat dy beide my alle dagen beanen
Mem stode achter me oan oer ‘t wetter fan ‘e poel
Sy twong my mei myn wjukken te fladderjen, sa wie har doel
En ik seach myn susters en myn broer al in eintsje fan ‘e grûn, in poepetoer
Want ik, it slagge my net en myn mem, sy joech it oer
Dy lytse kin net fleane, hearde ik har sizzen tsjin myn heit.
Hy knikte, hie ’t al begrepen mar ‘t minne nijs foar my ferswijd
Op in dei, sy fleagen heger en heger dizze kear en ik wachtte
Sy komme aansens wol wer en sille wy te swimmen, sa wie myn gedachte
Oan ’t ik my realisearre, sy komme net. Sy bliuwe fuort, de folsleine flecht
Sy bin op ‘e doele, myn heit, myn broer, och wy wiene sa hecht
Tsjuster waard it. En stiller. Wêr binne sy allegear keard?
En ik bin de klos, want ja, it fleanen, dat hie ’k net leard
Och, it libben is hjir prima, myn wrâld wurdt hieltyd grutter
Ik skarrelje wat om, pik hjir en dêr wat op, gelyk in âlde strânjutter
Mar sa no en dan sjoch ik omheech, dêr fleane se wer, sjoch dêr, myn broer
Hy mei foarop of is ‘t myn heit, ik sjoch it ferskil net mear sa goed
Okkerdeis kaam in flecht nei ûnder, blyn fan blidens draafde ik nei wat ea myn kudde wie
Mar ‘t wienen oaren, sy seagen my nuveraardich oan en net ien dy’t my leaf hie
By eintsjebeslút haw ik my deljûn. Dit is no ien kear wat it is
In goes mei minne wjukken, dit is myn persoanlike skiednis
It wurdt tiid myn eigen libben op te pakken, kin my de famylje ferrotsje
Ik swim noch in eintsje fierder en ûntdek sa wol myn eigen, grutte wrâldsje
In doarp mei in haven, dat is sa’n bytsje hoe ’t it hjir is
Mei genôch gers en leven, is wat ik tsjin mysels sis
Mar toch, Iensum, best iensum, sa ’n libben op en by it wetter
Miskien fyn ik wol in wyfke dy’t mei my libje wol, hjoed, moarn as letter
Lykwols binne it dreamen, want oare guozzen lykje net yn my ynteressearre
Links lizze litte, dy beheinde goes, gakje sy allegearre
Oan ’t op in dei in ein tsjin my begûn te kweakjen en te dwaan
Ik miende dat er opsokkebalje sei, ‘k soe my krekt even deljaan
Gjin wurd ferstie ’k fan ‘t gekweak en wat er sei
Mar ‘t gebear begriep ik al, kom mar mei my mei
Dat ik skarrele wat achter him oan, tegearre in frjemd keppel
De lytse en de grutte, sa kuieren wy troch lân en greppel
Oant wy oare einen seagen en stelde Kweak my foar oan syn famylje
Asto dy allinne fielst, meist best in skoft yn ús domisylje
Ferstean dogge wy dy net en do bist ek in bytsje oars
Want sjoch, do ytst gers en wy ite leaver einekroas
Sûnt dy tiid wenje ik by in keppel einen
Want dit is wat ek alle oare einen seinen
Bist wat grauwer mar fiel dy hjir mar thús
Do bist wa ’t ‘sto bist mar tenei wol ien fan ús
Sa dogge wy dat hjirre, it is ús normaal
Ek al bisto wol wat nuver en spreksto in oare taal
Wy wenje by de haven en swimme hjir wat om
In frjemde mar freonlike fûgel is by ús wis wolkom
Ut en troch hear ik se wol. Fier boppe my, lûd gakjend oer hokker te nimmen wei
Myn heit en mem, myn susters en myn broer. Mar ik, ik flean net mei harren mei

Reacties