Omsjen nei dy

Omsjen nei dy
(Tsjoch op ús doarp mei dit liet)

Skreaun foar it kabaret, 50 jier doarpsfeest Eastermar
Meldij: Memories fan Maroon 5



Dit lied is foar jim en foar ús
Dit lied is foar dy, bist hjir net, mis dy sa
Mei in glês yn ‘e hân komt alles wer werom
Al dat wat wy belibbe haw

Al Fyftich jier is it feest
yn it doarp, mis ik dy wier it aldermeast
Mei in glês yn ‘e hân sjoch ik nei dy om
Omsjen bringt dy, omsjen bringt dy werom

Der wie ris in tiid doe’t ferlies noch gjin pine opsmite koe
Doe’t ik tocht dat alles en elts foar altyd bliuwe soe
Myn hert slacht in tel oer by it tinken oan dyn stjer
Want ik mis dy noch alle dagen, ja alle dagen wer. Yeah

De holle docht in bytsje sear
Ja, alles docht in bytsje sear, och och
Mar it komt grif goed, jawis
Kom folje dyn glês noch ris, tsjoch

Tsjoch op ús doarp mei dit lied
Tsjoch op ús freonen, ferlern yn ‘e tiid
Mei in glês yn ‘e hân sjoch ik nei jim om
Omsjen bringt jim wer werom

Tsjoch op ús hjoed mei dit lied
Tsjoch op juster en moarn, ja dochs bliid
Want der komt altyd in nije dei
Eastermar giet altyd, altyd mei ús mei

Doo doo, doo doo doo doo
Doo doo doo doo, doo doo doo doo
Doo doo doo doo, doo doo doo
Omsjen bringt jim, omsjen bringt jim werom

Werom nei âlde tiden, it sjit my yn it moed
Wy misse âlde freonen mar in feest dat bliuwt it hjoed (ooh yeah)
By it hearren fan dyn namme sa leaf, sa oangenaam
By it neamen fan dyn namme bisto ta libben kaam, yeah

De holle docht in bytsje sear
Ja, alles docht in bytsje sear, och och
Mar it komt grif goed, jawis
Kom folje dyn glês noch ris, tsjoch

Tsjoch op ús doarp mei dit lied
Tsjoch op ús freonen, ferlern yn ‘e tiid
Mei in glês yn ‘e hân sjoch ik nei jim om
Omsjen bringt jim werom

Tsjoch op ús hjoed mei dit lied
Tsjoch op juster en moarn, ja dochs bliid
Want der komt altyd in nije dei
Eastermar giet altyd, altyd mei ús mei

Doo doo, doo doo doo doo
Doo doo doo doo, doo doo doo doo
Doo doo doo doo, doo doo doo
Omsjen bringt jim bringt jim werom

Doo doo, doo doo doo doo
Doo doo doo doo, doo doo doo doo
Doo doo doo doo, doo doo doo (ooh, yeah)
Eastermar giet altyd, altyd mei ús mei

Yeah, yeah, yeah
Yeah, yeah, yeah, yeah, yeah, doh, doh
Eastermar giet altyd, altyd mei ús mei


Tuskenrap


it is hjir gewoan by it moetsjen
dat wy inoar altyd groetsje
wy sizze hoi by it kommen en hoi by it gean
want ôfskied nimme is net wêr wy op stean
wy tinke om inoar, om de minsken om ús hinne
wy tinke om ús doarp, want dat is wa’t wy binne
Eastermar; it doarp is ús behâld
Eastermar; it sintrum fan ‘e wrâld!






Reacties