Nei in gleonhjite dei lit de sinne har sakje yn in fertsjinne, ferfrissend seebad. It begjint te skimerjen. Wy stean mei de buscamper boppe op in hege dún, even bûten Lampaul-Plouarzel, oan de rûge kust fan Bretagne. Ik kin de brâning hearre, 200 meter fan my ôf. Fierder is it stil. Op myn campingstuoltsje sjoch en genietsje ik fan in wrâld dy’t mei de minút fierder yn’t tsjuster ferdwynt. Mar gelokkich, gelokkich is’t ljochtmoanneskynwaar. Myn útsicht komt al rillegau yn in sêft, waarmgiel ljocht te stean.
Flits, flits. Aha, it earste fjoerwurk set útein en ik gean der ris goed foar sitten. Want it binne de havenljochten; grien en read dogge in wedstriid knipperjen om it hurdst.
Hjir en dêr krûpt fierderop it earste skimerlampeljocht fan út de huzen oer de strjitten. Even letter knippe ping, ping, ping, ien foar ien yn ‘t doarp it oranje natriumljocht fan de lampepeallen oan.
Dan, op tolve oere, wurd ik achter it doarp it knipperjen fan reade warskôgingsljochten, boppe op ‘e hege wynmûnen, gewaar. De reade knipperlampkes foarmje in streekrjochte start- en langdingsbaan foar frjemde nachtfûgels.
Ta myn grutte foldwaning sjoch ik dêrnei, op trije oere, it gerêststellende draailjocht fan de fjoertoer op Ile d’ Oussant. Woesj, woesj.
Stjerren boppe my wurde stadichjes oan wekker en begjinne te glinsterjen.
Yn ‘e fierte, dûnset op de baren in wjerljocht, feroarsake troch it wite hekljocht fan in skip op see.
Reade, felle remljochten flitse oan, krekt foar de krusing. In auto skeakelet werom. In oranje knipperljocht op rjochts. De auto draait de bocht yn. Koplampen wjerkeatse tsjin de grutte, giel-read streepte tinte fan sirkus Zavatta. It sirkus dat op de iepen romte neist it doarp delstrutsen is en de hiele dei reklame makke hat mei pratende lûdsweinen troch it doarp. “Ce soir dans Lampaul-Plouarzel, un spectacle grandiose!”
Myn fjoeroanstekker fonket. In farske sigaar.
Baarnend tabak ljochtet gleonread op.
Waarm selskip foar in spesjaal momint.
Fannacht bin ik hjir de ljochtsjesdirigint.