Ladies Cycling Team


Wy stean mei ús âlde Transit camperke op it camperplak fan Maastricht Marina. Neist ús stiet in grutte camper mei in stel út Volendam. Op de camper stiet reklame fan Beet It Sport Ladies Cycling Team.
Hy blykt in âld-proffytser te wêzen. It stel hat in twaling, twa readhierrige fammen fan 21 jier. Beide ek fytsers fansels (it Ladies Cycling Team). Krekt foar de corona útbrekt, fertelt de mem, wurdt ien fan de fammen fereale op in proffytser út Sittard. It famke wol him noch ien kear sjen foar de lockdown útbrekt en reiziget ôf nei it suden. Dochs is sy te let, sy kin net wer werom en bliuwt ferplicht 3 maand by de nije flam. Omdat dizze nije relaasje goed befalt beslút sy te bliuwen en fynt wurk yn Maastricht.
“En dan ben je er zomaar ééntje kwijt”, seit har mem mei Volendams aksint.
De heit laket wat, sjocht my oan en seit:
“Fietsen is het mooiste wat er is”.


Reacties