Koek en Sofie



Doe't de ophef oer de moorkop fan de iene op de oare dei úteinsette hie'k dit ferhaal al klear. It is in pear wike earder skreaun foar in priisfraach fan Boeken fan Fryslân. In bizar tafal. Fral omdat in de bakker fan Monster syn ferhaal by Jinek taljochtsje koe.

Koek en Sofie

Sofie is trije jier âld as sy har heit foar ‘t earst oer oranjekoeke krimmenearjen heart. “Altyd komme de minsken del mei oranjekoeke”, seit har heit kiezich. “It is goed bedoeld mar…” Sofie’s heit hat gjin goeie relaasje mei oranjekoeke. Wylst Sofie it har net yntinke kin wêrom immen sa’n traktaasje net lekker fynt. In jierdei? In feestje? Dan moat der oranjekoeke op tafel. Dat sizze har mem en har âldere suskes. De krekte reden foar in feestje begrypt sy net altyd. Mar och, Sofie is noch mar trije jier en dan hoechst net alles te begripen.

Oranjekoeke, ja dêr begrypt Sofie wol alles fan. No ja, hast alles. Want doe’t juf frege, fanwege it spultsjetoernooi, om de oare deis yn in oranje t-shirt nei skoalle te kommen, hie Sofie in rôze t-shirt oanstrûpt. Mar och, Sofie is dan pas fjouwer. Dan hoechst net alles te begripen.

Har favorite kleur is rôze en dat hat alles te krijen mei dat hearlike, kliemske sûkerlaachje op ‘e oranjekoeke. “Wêrom fynt heit oranjekoeke net lekker?” “Hâldesto fan sprútsjes”, keatst heit werom. “Nee” seit Sofie en lûkt in smoarch gesicht. “No, ik net fan oranjekoeke.” En dêr hat Sofie eins neat op yn te bringen. “Heit is dom”, seit Sofie. En dêr kin heit it mei dwaan. “Ik tocht it net, soerstôkje”, seit heit.

Sofie is fiif jier âld as sy der foar ‘t earst alinne op útstjoerd wurdt om nei de bakker. Dat liket hiel wat mar de bakkerij is ticht by hûs en bakker Sjouke wit wol dat Sofie de jongste is fan Symen en Aafke. Dus dat komt altyd goed. Tinkt heit.
“Dus fiif stikjes oranjekoeke en in moorkop, hear ik dat goed?”, freget bakker Sjouke.
“Ja”, seit Sofie, “dat hat ús heit sein.” En dus tôget Sofie grutsk werom mei in gebaksdoaze mei fiif stikjes oranjekoeke en in moorkop. Fiif stikjes foar mem, Emma, Nina, Merel en Sofie. En ien moorkop. Foar heit.

Sofie is tsjien jier âld en har suster Emma hat dizze dei har jierdei. Sy is achttjin wurden. Ut gewoante wurdt Sofie der op útstjoerd om gebak. Dat komt altyd goed. Tinkt heit.
Bakker Sjouke is yntusken ophâlden. Mar gelokkich foar it doarp is der in nije bakker. Ut marketingoerwagings profilearret Bakker Sjoerd Sjoerdsma syn bedriuw as de earste folslein Frysktalige bakkerij fan de provinsje. In poerbêste bakker. Dat is Sjoerd syn motto.
“Fiif stikjes oranjekoeke en in moorkop foar ús heit”, bestelt Sofie. It putsje is yntusken in makje wurden foar it famke.
“Wit dyn heit dan wol dat moorkoppen net mear kinne”, seit bakker Sjoerd? Sofie stiet mei de mûle fol tosken de nije bakker oan te gapjen. “Sis mar tsjin dyn heit dat in moorkop de swarte pyt ûnder de gebakjes is.”
“Oh”, seit Sofie, “mar ús heit fynt oranjekoeke net sa lekker”.
“Dan kin dyn heit kieze tusken sûkelarjeflappers, parkegranaten, appelhaffels, plomstrikers, reamknoarren, keale knikkerts - och sa lekker - , pinkelstaven, pommeransecups, risselwaasjes, soerbeibommen, toatebellen, bananetsjapkes of huningharmkes.”
Ferweesd stiet Sofie foar de toanbank. “Eh.., ik wit it net. Dat moat ik earst ús heit freegje.”
“Sjoch”, seit bakker Sjoerd, “hjir binne alfêst fiif stikken oranjekoeke en dan komst asen mar wer”.
Sofie fleant werom nei hûs. “Heit, heit, bakker Sjoerd ferkeapet gjin moorkoppen.”
“Watsei? Gjin moorkoppen?”
“Nee, hy seit dat in moorkop in swarte pyt is.”
“Wat hat bakker Sjoerd sein?” De folsleine hûshalding, dy’t yn ôfwachting fan ‘t gebak al oan ‘e kofje sit, sjocht ferstuivere nei Sofie.
“Hy ferkeapet wol keale knikkerts. Dy binne hiel lekker. Seit er.”
“Krimmenikes! Is it dy Sjoerd hielendal yn ‘e plasse slein? En dat neamt himsels bakker?”
Sofie’s heit sjit oerein wylst er mei de hân him oer syn eigen, yndie keale plasse wriuwt. In gewoantegebaer dat by alle famkes ynienen ferhipte komysk oerkomt.
“Ik sil wol ris even nei dy Sjoerd ta om him ris flink it…”
“Hohoho! Wat sil heit?”
Fernuvere draait eltsenien de holle fan de iene kant fan de keukentafel nei de oare, fan heit nei mem. Aafke hat har man noch nea yn ‘t bywêzen fan de famkes heit neamd mar altyd Symen. “Wat silsto by bakker Sjoerd, seiste?”
“Him ris flink it leksum lêze.”
“En wat doocht der dan net, neffens dy?”
“Gjin moorkoppen ferkeapje! Mar wol keale knikkerts, wat yn ‘e frede it foar dingen ek binne. Dat is ommers folslein...” Symen lit syn eagen rolje.
Sjochst wol, heit is dom. Mar bakker Sjoerd is ek in bytsje dom. Dit is de gedachte dy’t by Sofie opkomt wylst sy de keale holle fan har heit bestudearret. Sy doart it lykwols net lûdop te sizzen.
“Miskien kin heit”, Aafke seit wer heit, “in bytsje meigean mei de tiid?”
“Hoesa meigean mei de tiid? In moorkop is al hûndert jier in moorkop. En oranjekoeke is oranjekoeke en dat sil ek altyd oranjekoeke bliuwe!”
“No”, seit Sofie dy’t har mûle no wol iependocht, “ik wit net...”. Sy set de gebaksdoaze op tafel en iepenet it deksel. Nina, Merel, Aafke, Symen, sy falle allegear stil. Emma fersjit har yn in swolch kofje en griemt drippen oer har krease klean. Simen, dy’t niiskrekt noch oereinspatten wie, sakket troch de knibbels en lit him mei in doffe dreun wer op ‘e stoel werom falle.
Dêr lizze fiif stikjes gebak. Fiif stikjes oranjekoeke fan bakkerij Sjoerd Sjoerdsma. De earste folslein Frysktalige bakkerij fan de provinsje. In poerbêste bakker.
Mei grutte eagen stoarje sy allegear nei de gebaksdoaze.
Fiif stikjes oranjekoeke.
Oranje oranjekoeke.




Reacties