Skûtsjekommentaar

Wy lizze op 'e Sânemar. Oan bakboard leit de 'Marprinses', in rûnfeartboat. Age Veldboom jout oan de gasten fia de mikrofoan kommentaar op it ferrin van de skûtsjesylwedstryd op Earnewâld.
Op 'e radio, út de kajút wei, hear ik Gjalt de Jong fan Omrop Fryslân. En op it skip oan stjoerboard is Klaas Jansma oan't razen mei syn eigen fantastyske ferhaal oer it skûtsjesilen op FryskFM.
Neist my sit Henk Doevendans, âld-radioman fan 'e Omrop. Hy skoddet him de holle en set dan útein mei in eigen, sterk ferhaal.



Reacties