Landschapssymfonie

Tusken de dykswâlen fan de Noardlike Fryske Wâlden sil der dit jier in muzikaal mearke plakfine, de Landschapssymfonie, krekt bûten it doarp Eastermar. Teater op lokaasje wêrby it publyk net stilsit op in tribune mar sels oan 'e kuier moat. De haadrol is foar it lânskip sels. Dit jier is in soarte fan proefjier mei in beskieden optreden, yn 2020 moat it in ferhipte grut spektakel wurde. De repetysjes binne al útein setten en ik mei út en troch delkomme mei myn sketsboekje.
Dit wie de earste repetysje (24 april). It is noch even sykjen hoe'k dit krekt oanpakke sil.










Reacties