Yn ‘e tsjustere oeren
wachtet kiezzich 
myn swiere holle 
op in oar ljocht 
yn dit stik fan saken
In frachtwein rydt
it linkerear binnen
en parkeart
tusken de eagen
in djippe dreun
Heidensk lawaai
nimt in loopke 
mei myn langstme 
nei stilte
tusken de earen
Myn ienich selskip
op dizze ienlike dagen
is muoike Migrêne
Tûzen kear leaver
hie’k allinne west
mei myn tinzen
de baas 

Reacties