Omsjen nei 2018

Hast in jier nei it fallen fan de Postkodekanjer yn Eastermar tilde it yn yn ús doarp wer op fan sjoernalisten en fotografen, op ‘e syk nei ferhalen fan winners fan grutte jildbedraggen. Binne dy ferhalen der dan, frege ik my ôf. Want sels hie’k in jier lang tusken al dy Eastermarders wenne en de dingen dy’t ik hearde of seach wiene net bjusterbaarlik te neamen. Wol foarsisber.

Omrop Fryslân makke in dokumintêre weryn wy ús fergapje koene oan in reade Ferrari. Ik neam de Ferrari omdat dit read stikje blik by my hingjen bleaun is, alle oare haadrolspilers ta spyt. Ik fergappe my net oan it ding sels, soks hat myn ynteresse net. Mar fanwege it idee fan in soan fan de miljoenepriiswinner. “Tige tank heit, no kin ik myn dream wier meitsje.” Feitlik is der neat mis mei. In soan mei genietsje fan troch heit taskikt jild en dochs wringt it earne. Alteast yn myn holle. Dat is miskien wêrom der yn de dokumantêre sa oerdúdlik foar kontrast keazen waard. De reade Ferrari foaroer de súrstoftank fan de frou mei de longsykte.
De dokumintêremakkers hiene gelyk; dit is in ferhaal.
Allinne... it wie net in ferhaal dêr’t ik op hope.

It ferhaal dêr’t hiel Nerderlân op hope waard inisjearre troch myn freonen Nynke en Anne. Minsken yn it doarp mei minder finansjele middels meidiele litte yn it prizejild mei help fan in ‘kanjerfûns’, dat wie it idee. Alle media dûkte der boppe op. Mar it gie mis. Nynke en Anne hiene nea fan de diakony heard. Logysk, want asto sels nea yn ‘e finansjele problemen west hast, dan witte jo soks gewoanwei net. Ik earlyk sein ek net. De diakony docht harren wurk ommes yn stilte, sizze sy sels. Nynke en Anne hiene wat optocht, hoe bysûnder ek, dêr’t al in fersjoen wie. Binnen it doarp waard it idee troch de measten ôfsjitten. Persoanlyk tink ik dat it net in goeie ierde foel omdat der mei it plan fan Anne en Nynke in berop dien waard op in oar syn prizejild. Foar fierwei de measten jild dat jo gjin lotterijdielnimmer wurde mei it foaropsette plan in part fan de priis oan in goed doel fuort te jaan. It jild dat jo winne is foar josels. Dêrom dogge jo mei. Fanwege de dream dat soks barre kin, hoe lyts de kâns ek. En de oare 50% fan de ynkomsten fan de postkoadelotterij giet ommes al nei goeie doelen.

En dochs wiene sy, foar safier de ferhalen op my ta kaam binne, de ienigen dy’t in bytsje kreatyf neitochten oer in slompe jild dat samar op jo rekken stiet. En weromskrikke diene sy nei alle kommoasje ek net mar hellen der professionals by, in denktank, om it idee op in heger plan te bringen. Betelle fan harren eigen priis. Guon Eastermarders woene dêr wol yn meitinke. It Mienskipsfûns Eastermar hat no in konkreet plan en der binne grutte ambysjes foar in doarpskoöperaasje; in gebou foar de âlderein mei soarch om ‘e hoeke. En it is alwer hiel maklyk tinken en meitsje dizze ambysjes in kopke lytser.

Mar stel dat it slagget? Hoe moai is de gedachte dat jo op jo âlde dei yn Eastermar wenje bliuwe kinne sûnder in gemis oan bepaalde soarch en foarsjennings?
Minsk, doar te dreamen. Wannear dreame fan in Ferrari mei, mei it dan ek fan in fersoarge âlde dei?

It jild is fral opgien oan badkeamers, fakânsjes, auto’s en sinnepanielen. Huzen en tunen waarden opknapt. De bern hawwe wat krigen. Stúdzjeskuld en hypteek ôflost. Allegear hiel foarsisber. Neat mis mei, wier net. Ik hear sels by dizze groep minsken en kin de stroommeter by sinneskynwaar werom rinnen sjen. En op kâlde dagen baarnt der no in pelletkachel. Ek noch mei subsydzje; twa kear priis.

No moat ik bekinne dat ik sels ek in plan hie doe’t my dúdlik waard dat der miljoenen yn dy postkoadetrúck ferskûle leinen en it gefaarte troch de Beimastrjitte dendere. Ik haw net sa stoer west as Nynke en Anne en bring myn idee nei bûten. Earst mar ris sjen wat der barre sil, tocht ik doe. En efternei bin ik bliid dat ik it net dien haw. Net nei alle reportaazjes en artikels yn de lêste dagen fan 2018. Net nei alle omtinken oan de ein fan in, foar it doarp, bysûnder jier.

Myn plan, krekt as Nynke en Anne gelyk, bestie al. It bestie al fuortendaliks nei 1 jannewaris 2018 yn ‘e hollen fan mannich sjoernalist. In jier nei dat ‘Gastonmomint’ op it Breed in ferhaal skriuwe oer Eastermar. Hearre of de minsken feroare binne, sjen of it doarp oars wurden is. Miskien in ferhaal oer immen dy’t it jild brûkt hat foar in net sa foar de hân lizzend plan krekt as Nynke en Anne fan doel wiene. It risseltaat hat eltsenien sjen en lêze kinnen. De ferhalen binne moai mar net hiel bysûnder. Eastermar, de mienskip, is net feroare. De minsken tinke om inoar sa’t sy foar 2018 ek om inoar tochten. Miskien is dat wol it bêste ferhaal.

Grutte ferhalen hawwe har yn ús fermidden net opiniearre. De ferhalen sitte him yn it lytse gelok dat mei it winnen fan in jildpriis mooglik waard.
Te lyts om der grut omtinken oan te jaan.
Te moai om samar priis te jaan.











Reacties